Nijbou foar Parkhove

Soarchynstelling Palet is fan doel om nij te bouwen op it plak fan it besteande ferpleechtehûs Parkhove. Dat is net mear by de tiid en wurdt sloopt. Parkhove is bedoeld foar deminte minsken, dy't net mear thús wenje kinne. Der is romte foar 200 bewenners, mar dat oantal wurdt mei de helte werombrocht.
Der wurde aanst 54 wenten boud foar deminte minsken en 60 oanleunwenten. Der is minder wenromte nedich yn Parkhove, omdat der ek wenromte yn de doarpen om Ljouwert hinne is. De sloop set dizze simmer útein, yn 2016 moat de nijbou klear wêze.