De Jong wint wedstriid E'werf

Gemeente Eaststellingwerf
Keunstner Anne de Jong is tiisdei de winner wurden fan de portrettewedstriid fan de gemeente Eaststellingwerf. Sy hat 1000 euro krigen en har skilderij hinget fan no ôf as offisjeel staasjeportret yn de riedseal fan Easterwâlde. Yn totaal hienen alve keunstners in portret fan de Kening of it keningspear makke.
De keunstwurken binne in moanne lang eksposeard yn it gemeentehûs. Minsken koenen stimme op de winner. Ek de sjuery, besteande út keunstner Willem van Roijen en ferskate riedsleden, ha it portret fan Anne de Jong as winner keazen.