Harns wol boetes bûtenlanners

© Omrop Fryslân / Dirk Jan Haarsma
De gemeente Harns hiert ynkassoburo Cannock Chase yn om it jild fan parkearboetes fan Dútsers, Poalen en Belgen op te heljen. Mei-inoar hawwe toeristen út dizze lannen noch goed 10.000 euro iepenstean. It ynhieren fan it ynkassoburo kostet de gemeente 2600 euro.
Besikers út Dútslân, Poalen en België hawwe fierwei de measte boetes iepenstean yn Harns: 186 op in totaal fan 226 boetes foar bûtenlanners yn Harns.