Woudagemaal ûnder stoom brocht

18 feb 2014 - 14:40

It Woudagemaal op 'e Lemmer is tiisdei wer ûnder stoom brocht. Wetterskip Fryslân docht dat twa kear yn 't jier, om it personiel op te lieden. Sa kin garandearre wurde dat it stoomgemaal ek wurket as der heech wetter is.

It ir. D.F. Woudagemaal is it grutste noch wurkjende stoomgemaal fan de wrâld en stiet op de UNESCO wrâlderfguodlist. It gemaal is fan tiisdei oant en mei tongersdei iepen foar belangstellenden. Fan 'e wike wurdt ek de 100 tûzenste besiker ferwachte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)