Auto oer de kop by Boarnsweach

Ambulânse © ANP
In 44-jierrige man út Sint Anne is moandeitenacht ferwûne rekke doe't er mei syn auto oer de kop fleach op de A7 by Boarnsweach. De man is nei alle gedachten net goed wurden as gefolch fan syn sûkersykte. De auto sloech oer de kop en bedarre yn 'e berm.
It slachtoffer is foar ûndersyk nei it sikehûs brocht. Hoe't it no mei him giet is ûnbekend.