Snits krijt winkelferbod

18 feb 2014 - 11:05

Yn Snits kinne klanten dy't stelle of har misdrage in winkelferbod krije. Op dizze wizze wol de middenstân in goeie sfear hâlde yn it sintrum fan de stêd. Alle 35 winkels yn it sintrum fan Snits dy't benadere binne dogge oan it projekt mei.

Herbert de Vries is ien fan de inisjatyfnimmers. Hy tinkt dat it winkelferbod foar in better winkelklimaat soargje sille. Yn de perioade oant ein april wurde alle 250 winkels benadere om oan it projekt mei te dwaan.

Trefwurden: 
Snits winkelferbod
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)