Ried nimt genoegen mei útlis

De gemeenteried fan Smellingerlân nimt genoegen mei de útlis fan it kolleezje oer it heger útfallen fan de kosten by de ferhuzing fan skoallemienskip CSG Liudger. De ferhuzing foel goed sân ton heger ús as begrutte. Dat kaam benammen troch de ekstra kosten fan it transport fan swiere masines. Dat wie goed trije ton.
Guon opposysjepartijen sette dêr fraachtekens by. Sy komme út op folle legere bedragen en fine dat de ried net goed ynformearre is. De koälysjepartijen binne lykwols tefreden oer de útlis en litte it dêr fierder by.
Ferantwurdlik wethâlder Marjan van der Aart lûkt wol learing út de affêre. Sa sil der tenei better sjoen wurde nei wat mooglike ferhúskosten wêze kinne.