Buertbewenner foarkomt ynbraak

18 feb 2014 - 09:52

In oplettende buertbewenner koe moandeitemiddei oan de Ljouwerter Pasveerwei in ynbraak foarkomme. De tsjûge seach dat in ûnbekende man by it buertgenoat op it dak klom en besocht om troch in iepensteand rút yn 'e hûs te kommen. De tsjûge spruts de ynbrekker oan, wêrnei't de man útnaaide.

It giet om in slanke man mei in donkere hûdskleur fan 25 oant 30 jier âld en 1 meter 85 lang. De man hat swart kroljend hier, in sikje en donkere eagen. De man hie in blauwe jas mei kapusjon oan en ried op in donkerkleurige fyts.

Ofrûne wykein wie der ek noch in ynbraak oan de Pasveerwei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)