Meldpunt foar klachten NVWA

17 feb 2014 - 18:57

Lânbou-organisaasje LTO Noord komt mei in meldpunt dêr't minsken harren klachten oer de Nederlandse Voedsel- en Waren Autoriteit (NVWA) trochjaan kinne. Dat seit foarsitter Geart Kooistra fan LTO Noord. Neffens Kooistra is it wichtich dat der in goed kontrôlesysteem yn Nederlân bestiet, mar dat moat al transparant wêze.

Ofrûne wike stie de wurkwize fan de NVWA ter diskusje. De achttjin kij fan biologysk boer Thom de Groot fan Goattum by Grou waarden troch de NVWA ôffierd, om't de tastân fan syn bisten min wêze soe.

'LTO Noord hat lykwols de yndruk dat der in bepaalde willekeur bestiet yn de kontrôles fan de NVWA. Troch de wurkwize fan de NVWA mei meldings better yn kaart te bringen, kinne wy de diskusje ek better beljochtsje'. Wannear't it meldpunt krekt fan start giet, is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)