Itens yn de race foar Oscar

17 feb 2014 - 17:03

Toanielferiening 'Nim it sa't it is' fan Itens, Rien, Hinnaard en Lytsewierrum docht mei oan de Oscarferkiezing fan tv-programma Man Bijt Hond. Toanielferienings út it hiele lân spylje allegearre ien minút fan it stik Moulin Rouge en meitsje sa in folslein toanielstik. 'Nim it sa't it is' byt moandeitejûn de spits ôf om 19.05 oere. Sjoggers kinne dêrnei op de webside fan Man Bijt Hond stimme.

Neffens regisseur Agnes Zeinstra binne der 44 opnames makke foar ien minút toaniel.

De 500 ynwenners fan de fjouwer doarpen hawwe der mei harren allen flink de skouders ûnder set om it dekôr en de kostúms te meitsjen.

Besjoch hjir it fragmint fan 'Moulin Rouge' troch 'Nim it sa't it is'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)