Lêste tsjûgen oarloch fêstlein

Learlingen fan Piter Jelles Ynsicht praten moandei yn it Fersetsmuseum mei bewenners fan soarchsintrum Sint Jozef oer de oarloch. Sy diene dat yn it ramt fan in grut projekt om ferhalen fan tsjûgen fan de oarloch fêst te lizzen. Dit wurdt dien troch de stifting Go4Media. Neffens de stifting is it de lêste kâns om noch mei echte tsjûgen oer de oarloch te praten. Dizze tsjûgen wiene yn de oarloch jong.
De stifting hat der dêrom foar keazen om jongerein fan doe ynterviewe te litten troch jongeren.
Go4Media wol troch it hiele lân hûnderten oarlochsferhalen sammelje en letter ek publisearje op ynternet. De ynterviews kinne letter besjoen wurde op www.gezichtenvanvrijheid.nl.