Bommelder Sint Anne foarlaat

De evakuearre bewenners yn it gemeentehûs fan It Bilt © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De 64-jierrige man fan Sint Anne dy't freed oppakt waard fanwege in fertocht pakketsje dat by syn wenning lei, wurdt moandei foarlaat oan de rjochter-kommissaris. Dy beslút oft de man noch langer fêstsitten bliuwe moat. De man kaam sels mei de melding dat by syn hûs in fertocht pakketsje lei.
By ûndersyk yn it hûs fan de man kaam de plysje materiaal tsjin dat him fertocht makke.