Karmerk foar Nij Barrahûs

De website fan Nij Barrahûs
De fruchtberheidsklinyk Nij Barrahûs yn Wolvegea hat it kwaliteitskarmerk foar selsstannige kliniken helle. Nij Barrahûs is spesjalisearre yn soarch foar minsken dy't allinnich mei help fan in medyske behanneling bern krije kinne. Keuringsynstânsje KIWA hat de klinyk kontrolearre op de kwaliteitseasken.
Hjirby giet it ûnder oare om de foarljochting oan pasjinten, om medikaasjebehear en ynfeksjeprevinsje.