CU: Klachteburo OV net opdoeke

17 feb 2014 - 11:49

Foardat it ûnôfhinklik klachteburo iepenbier ferfier opheft wurdt, moat earst dúdlik wêze hoefolle klachten der de ôfrûne fiif jier wiene en wêr't dy klachten oer giene. Dat seit de steatefraksje fan de ChristenUnie. De provinsje wol it klachteburo opdoeke, omdat it tal klachten de lêste jierren bot ôfnaam wêze soe. De ChristenUnie is dêr net sa wis fan en hat fragen steld oan Deputearre Steaten.

De partij freget him ôf oft reizgers wol witte dat sa'n buro bestiet, dêr't minsken terjochte kinne mei klachten oer it iepenbier ferfier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)