Kramer: Noaren net goed genôch

Sven Kramer begrypt wol dat de Noarske hurdriders Havard Bøkko en Sverre Lunde Pedersen ôfsein hawwe foar de Olympyske 10 kilometer fan tiisdei. 'It is ûnmacht', tinkt Kramer. 'Se binne op dit stuit gewoan net goed genôch. Ik hie gjin rekken mei se hâlden, dat it makket my net safolle út.'
Kramer tinkt dat der fiif kânshawwers op in medalje binne op de 10 kilometer. De Olympysk kampioen op de 5 kilometer ferwachtet op de 10 kilometer konkurrinsje fan Jorrit Bergsma, Bob de Jong, de Belch Bart Swings en Seung-Hoon Lee fan Súd-Koreä.
Kramer tinkt fierder dat de Noarske reedrydfans teloarsteld wêze sille oer de ôfmelding fan Bøkko en Pedersen, omdat de 10 kilometer in Olympysk nûmer is mei ek foar Noaren in soad histoaryske wearde. Kramer feroardielet it Noarske beslút net. 'Ik haw mysels earder ek weromlutsen foar de 1500 meter, om mysels better ta te rieden foar de 10 kilometer'.
Havard Bøkko seit sels dat er achter it beslút fan de Noarske bûnscoach stiet om net oan de 10 kilometer mei te dwaan. 'Wy steane 20 oant 30 tellen fan de poadiumplakken ôf'', jout Bøkko ta. 'Wy soene ús enerzjy ferspylje. It is better om ús te rjochtsjen op de ploege-achterfolging, want dêr hawwe we wol kâns op in medalje.'