Sotsji, dei 11: gjin Friezen

Der komme hjoed gjin Friezen yn aksje. Lykas juster komt ek bobslider Sybren Jansma fan de Pein net yn aksje. By de twamansbob is er passearre troch Bror van der Zijde. Jansma kin him no hielendal tariede op de fjouwermansbob en komt sneon yn aksje.
Op Medals Plaza krijt Ireen Wüst fan It Hearrenfean de sulveren medalje omhongen foar har twadde tiid op de 1500 meter fan juster. Se rekke har Olympyske titel op dizze ôfstân kwyt oan Jorien ter Mors. De seremoanje begjint om 17.30 oere Nederlânske tiid.
Moarn mear oer de 500 meter shorttrack en de 10 kilometer reedriden.