Jonge (11) ferwûne by ûngelok

De plysje dwaande mei it ûndersyk nei de oanriding © Anton Kappers
By in ûngelok op de Kweekerijleane yn Berltsum is moandeitemoarn even nei acht oere in jonkje fan 11 jier ferwûne rekke. De jonge wie op 'e fyts ûnderweis nei skoalle en waard oanriden troch in automobilist.
De jonge bedarre op de dyk en rekke ferwûne oan in earm en hie in bloednoas. Hoe't it ûngelok krekt barre koe, is noch ûndúdlik. De plysje docht hjir ûndersyk nei.