Snits wint fan Apeldoorn

12 feb 2012 - 15:58

De follybalfroulju fan Snits hawwe sneontejûn mei 3-1 wûn fan Dynamo Apeldoorn. Yn eigen hûs wie it de thúsploech dy't sterk oan de wedstriid begong. De gasten út Apeldoorn waarden fuortspile, setstân 25-13. Dochs wist Dynamo de spanning werom yn de wedstriid te bringen. De Snitser froulju wisten de twadde set krekt te pakken mei 27-25, wêrnei't it Apeldoorn de tredde set pakte (23-25).

De ploech fan coach Petra Groenland bleau kalm en makke mei 25-17 dúdlik dat de punten yn Snits bliuwe soenen. Snits stiet no op in sechde plak.

Trefwurden: 
Snits follybal Dela league
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)