Wüst yn it rychje mei Niemann

16 feb 2014 - 17:01

Ireen Wüst komt mei har tredde Olympyske medalje op de 1500 meter op likense hichte mei reedrydleginde Gunda Niemann-Stirnemann. De Dútse helle yn har karriêre ek trije plakken op de 1500 meter, mar de ôfstân winne die se nea. Dêr slagge Wüst wol yn, sy wûn de 'schaatsmijl' yn 2010 yn Vancouver. Yn 2006 by de Spelen yn Turijn pakte Wüst as 19-jierrige it brûns op de 1500 meter.

Boppedat is it de sechsde Olympyske medalje foar Wüst, dy't dêrmei ek op likense hichte komt mei rekôrhâlder Rintsje Ritsma. Ek hy pakte ea 6 Olympyske plakken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)