Ter Mors pakt goud op 1500 m.

Jorien ter Mors hat snein Olympysk goud pakt op de 1500 meter yn Sotsji. Yn de Adler Arena sette Ter Mors yn de lêste rit foar de dweilpauze in geweldige tiid fan 1.53.51 op 'e klok. Dêrmei wie se elkenien de baas. It sulver wie foar Ireen Wüst mei in tiid fan 1.54.09. Lotte van Beek pakte mei har tiid fan 1.54.54 it brûns. Dêrmei stie der op 'e nij in 'clean sweep' op it poadium, mei allinnich Nederlânske froulju.
Marrit Leenstra einige mei har tiid fan 1.56.40 krekt njonken it poadium op it fjirde plak.
Mei it sulver pakt Wüst har tredde Olympysk plak op de Spelen yn Sotsji. Ferline wike snein wie der goud op de 3 kilometer en tongersdei pakte se it sulver op de 1000 meter.