Sânde plak foar fjouwermansbob

12 feb 2012 - 15:41

Bobsliders Sybren Jansma fan de Pein en Jeroen Piek fan It Fean ha it wrâldbekerseizoen bobslydzjen ôfsletten mei in sânde plak yn de fjouwermansbob. De bob mei stjoerman Edwin van Calker en Yannick Greiner sette yn Calgary in tiid fan 1.48.75 op it boerd. Rom in sekonde stadiger as de winnende tiid fan de Dútske bob fan piloat Manuel Machata.

Yn it einklassemint einiget de fjouwermansbob op it achtste plak. Jansma waard tegearre mei Van Calker tsiende mei de twamansbob. Nije wike stiet it WK yn Lake Placid op it programma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)