FVC wint yn blessueretiid

FVC © Omrop Fryslân
FVC hat snein wichtige punten pakt troch mei 3-2 te winnen fan de nûmer ien-nei-lêst Longa '30. Yn Lichtenvoorde kamen de Ljouwerters nei 19 minuten spyljen op foarsprong troch in treffer fan Ruurd Algra. Fiif minuten letter tekene Algra foar de 2-0. Krekt foar rêst soarge Longa foar de oanslutingstreffer.
Yn de twadde helte waard it noch efkes spannend doe't Longa fiif minuten foar de ein de lykmakker makke. Yn in spektakulêre slotfaze sleepte René Hoen mei de 3-2 yn ekstra tiid de trije punten oer de einstreek foar de Ljouwerters.
Troch de oerwinning komt de ploech fan trainer Bert Hollander op 23 punten út 17 wedstriden.