De Jouwer stunt tsjin Snitsers

Nûmer lêst De Jouwer hat snein foar in stunt soarge troch yn de Fryske twastriid mei 2-1 te winnen fan de nûmer 2 Snits Wyt Swart. Op sportpark de Hege Simmerdyk wienen de Snitsers fierwei de sterkste, mar tsjin de ferhâldings yn kopte Niklas Tarvarjärvi de Jousters op slach fan rêst op foarsprong.
Nei rêst soarge Martijn Dijk foar de twadde Jouster treffer. De ploech fan Johan Groote kaam noch werom oant 2-1 troch in treffer fan Daniël Zwart. Mark Homme fan der Veen wie ticht by de Snitser lykmakker, mar syn skot einige op de peal.
Troch de ferrassende oerwinning ferdûbelet De Jouwer it oantal punten. De ploech fan trainer Wieb Rodenhuis stiet lykwols noch altyd stiif ûnderoan mei 6 punten. Snits Wyt Swart bliuwt troch it ferlies stykjen op 30 punten út 17 wedstriden en sjocht it gat mei koprinner Hercules fierder oprinnen ta 10 punten. Hercules wûn nammentlik mei 3-1 fan RKHVV en komt op 40 punten.