Fyts oan plysje oanbean

© Omrop Fryslân
In 31-jierrige Koudumer is sneontenacht oanhâlden troch de plysje yn Ljouwert. De man bea op de Nijstêd foar 15 euro in fyts oan oan in plysje dy't yn syn frije tiid ek op stap wie. Daliks dêrnei warkôge dy de kollega's dy't de man oppakten.
Yn Dokkum is in ynwenner fan 17 jier út de gemeente Dongeradiel oanhâlden foar fytsstellerij. De plysje seach dat er sneontenacht om trije oere in fyts meinaam. De jonge moast mei nei it plysjeburo. Dêr is proses-ferbaal tsjin him opmakke.