Blog: Mixed feelings yn de mixed sône

16 feb 2014 - 15:29

It wurd 'bubbel' falt hjir faak. We libje in bytsje yn in bubbel. Fan hotel nei it Olympysk park nei it iisstadion of it shorttrackstadion en troch nei it Holland Heineken House. Freed haw ik der wol efkes tuskenút west en hawwe we nei Sotsji ta west. Mar oer it algemien stean we alle dagen yn de mixed sône.

Ik moast de wiken foar de Spelen faak útlizze wat de mixed sône is. Blykber libje ik yn Fryslân ek tefolle yn in bubbel, want ik tocht dat it in algemien begryp wie. Mar it is hiel simpel. As de sporters klear binne mei de wedstriid, dan moatte se earst by fiif kameraploegen del. By it reedriden moat Sven Kramer bygelyks earst nei de NOS-kamera en dan noch in Russyske en in Amerikaanske en noch wat oaren. Dêrnei moatte se troch de mixed sône. Dan binne se ek ferplicht. Hjir is it in soart fan kaviatunnel en oan de bûtenkant fan dy tunnel stean sjoernalisten. Earst moatte se by fiif kameraploegen del dy't útstjoerrjochten hawwe, dan stiet der faak noch de NOS foar in live radiopetear en dan komt de rest.
Faak is it in fierstente lytse romte foar tefolle kamera's. Foaral by it shorttrack. Dan is der sa'n tweintich meter hielendal frij. Dat binne dan plakken foar tillevyzjestjoerders dy't wol betelje, mar gewoan net komme of mar ien ynterview hoege te dwaan. By it shorttrack is de romte acht fjouwerkante meter. En dêr stean dan tusken de 15 en 25 kameraploegen. En ik. Mei myn statyf en kamera.
De measte kameraploegen komme út Azië. De Japanners binne it meast dissiplinêr. Mei sa'n tsien kameraploegen dogge se hiel kreas it ynterview. Net dringe foar it bêste shot en der binne faak mar ien of twa dy't de fragen stelle. By it reedriden is it lykwols wol sneu, want dejinge dy't se ynterviewe moatte hast eltse kear gûle. Tae Bum Mo, Nagashima, Kodaira, nim mar op. Janke! Net normaal!
De Sinezen binne al assertiver, mar it toppunt is Koreä. Dy hingje mei syn allen oer inoar hinne en nimme somtiden de hiele mixed sône yn beslach. It is sa no en dan gewoan asosjaal en de minsken fan de organisaasje hawwe der dan ek wolris muoite mei. Gelok is dat se faak wer fuortgean as de Nederlanners komme (dy komme letter, omdat se gewoanwei better presteare en langer nedich hawwe). Ien kear hongen se mei syn allen oer it stekje hinne en foelen se. De grutte baas fan de mixed sône waard poer en naam in parsekaart yn.

Ien ding wit ik dus wol. Gjin grutte bek hawwe en net muoilik dwaan, want oars kinst opsoademiterje. Lokkich haw ik der hielendal gjin muoite mei!!

Twitter: @Roelofdevries83

Lês hjir it foarige blogberjocht oer de Russyske hoareka of gean werom nei de haadside fan ús blog.

Trefwurden: 
argyf Olympyske Spelen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)