Aris ferliest fan Den Helder

16 feb 2014 - 12:33

De basketballers fan Aris hawwe sneontejûn mei 87-66 ferlern fan Den Helder. Yn sporthal It Kealledykje begongen de gasten út Den Helder skerp oan de wedstriid en rûnen yn it earste kwart út nei in 28-14 foarsprong. Yn it twadde en tredde kwart wisten de Ljouwerters goed mei te kommen, mar de skea fan it earste kwart waard net mear ynhelle.

Yn it lêste kwart wist Den Helder de foarsprong noch wat fierder út te wreidzjen en stie der in romme winst op it boerd. Darius Theus wie by Aris mei 27 punten fierwei de tûkste skutter.

Trefwurden: 
Ljouwert Aris basketbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)