Ferskate wenningynbraken

16 feb 2014 - 11:30

Op ferskate plakken yn Fryslân is sneontejûn ynbrutsen. Ut in hûs oan de Bommegaerde yn Beetstersweach waarden in laptop, in tablet en sieraden meinaam. Yn itselde plak is ek ynbrutsen yn in wenning oan de Vrijburgstrjitte. It is noch ûndúdlik oft dêr ek wat stellen is. De hiele wente is oeral helle.

Ut in wente oan de Tsjerkebuorren yn Aldeboarn binne twa laptops stellen, en oan de Tjotter yn Frjentsjer jild en sieraden. Yn Ljouwert is ynbrutsen yn huzen oan de Pasveerwei en de Hollanderstrjitte. It is noch ûnwis oft dêr wat stellen is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)