Driichberjochten yn gasteboek

Gasteboek AFA
Yn it gasteboek op de website fan de Anti Fascistische Aktie Fryslân binne ôfrûne wike ferskate driichberjochten pleatst fan ekstreem-rjochtse hooligans út Rotterdam en omkriten. Neffens de AFA binne de berjochten pleatst fanwege it anty-rasistysk spandoek dat geregeld yn it Abe Lenstrastadion hinget. De driichberjochten en rasistyske teksten binne ûnderwilens fan de webside ôfhelle. De AFA ûndernimt fierder gjin aksje.