Djoer punteferlies Harkiten

Harkemase Boys hat sneontemiddei djoere punten ferlern op jacht nei de kopposysje yn de haadklasse C troch mei 1-0 te ferliezen fan de nûmer lêst AZSV. Op in winich sportpark De Bosk begongen de gasten út Aalten fol fjoer oan de wedstriid, wat betsjutte dat keeper Maikel Kampjes it drok hie. Mei knappe rêdings hold er de goal foar rêst skjin.
Yn de twadde helte kaam AZSV dochs op foarsprong yn de 61e minút. Nettsjinsteande knappe kânsen slaggen de Harkiten der net yn de lykmakker op it boerd te krijen.
De ploech fan trainer Willem Brouwer bliuwt troch it ferlies stykjen op 34 punten út 17 wedstriden. Koprinner ACV wûn yn de ekstra tiid mei 3-2 fan Go Ahead Kampen en wreidet de foarsprong yn de haadklasse C dêrmei út nei 5 punten. ACV giet oan de lieding mei 39 punten.