Ferlies foar Drachtster Boys

15 feb 2014 - 16:28

Drachtster Boys is der sneon net yn slagge punten te pakken tsjin Berkum. Op sportpark De Vegtlust yn Zwolle ferlear de ploech fan trainer Fred de Boer mei 2-0. Mei de wyn yn 'e rêch wisten de Drachtsters foar rêst net ta skoaren te kommen. Berkum liet it skoarend ek ôfwitte. Fuortendaliks nei de rêst iepene Berkum de skoare en moasten de Drachtsters op jacht nei de lykmakker. Mei de wyn yn de rêch wreide de thúsploech de foarsprong fierder út nei 2-0.

Troch it ferlies bliuwt Drachtster Boys stean op 20 punten út 17 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)