Gefaar troch losse dakplaten

15 feb 2014 - 15:17

De brânwacht besiket op dit stuit foar te kommen dat yn de Willemshaven yn Harns dakplaten fan loadsen waaie. Op oare plakken is ek sprake fan problemen troch stoarm. Sa driigje yn de Ruusbroeckstrjitte yn Ljouwert stikken fan in ballustrade nei ûnderen te waaien. De brânwacht woe dêr mei help fan in ljedderwein wat oan dwaan, mar dy kin fanwege de hurde wyn net ynset wurde.

Earder op de dei moast ûnder oare al yngrypt wurde op It Hearrenfean. Dêr drigen platen fan in fytsehok op it spoar te waaien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)