Sjinkie wurdt stil fan brûns

Sjinkie Knegt wie nei syn Olympyske race op de 1000 meter sprakeleas nei syn brûnzen medalje. 'Ik haw der hast gjin wurden foar, sa geweldich', liet er witte. 'Ik fielde my goed en bin der fol foar gong. Ik ha noch besocht der mear út te heljen, mar it hat úteinlik in brûnzen plak oplevere. Hiel moai.'
Mei it brûns hat Knegt boppedat de earste Nederlânske shorttrack-medalje pakt. It is al wer de trettjinde medalje foar Nederlân. Dêrmei stiet Nederlân op plak fjouwer yn de medaljespegel.