Knegt pakt brûns op 1000 m

15 feb 2014 - 13:34

Shorttracker Sjinkie Knegt hat sneon it brûns pakt by de Olympyske Spelen yn Sotsji op de 1000 meter. Yn de finale pakte de Rus Victor An it goud foar syn lângenoat Vladimir Grigorev. Yn in spannende slotronde wist Knegt de Súd-Koreaan Da Woon Sin op de einstreek mei in teanlingte foar te bliuwen. Sin waard letter troch de sjuery diskwalifisearre, wêrtroch't de Sinees Dajing Wu úteinlik fjirde waard.

Jorien ter Mors einige by de froulju op de 1500 meter teloarstellend as fjirde. Dêr gong de winst, krekt as yn 2010, nei de Sinese Yang Zhou.

It sulver wie by de froulju op de 1500 meter foar de Súd-Koreaanse Suk Hee Shim, it brûns foar de Italiaanse Arianna Fontana.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)