Sjinkie Knegt nei de finale

15 feb 2014 - 12:55

Sjinkie Knegt is finalist op de Olympyske 1000 meter shorttrack yn Sotsji. Yn de heale finale mei de Rus Vladimir Grigorev en de Koreanen Han-Bin Lee en Da Woon Sin einige de Bantegeaster as tredde. Dat wie te min, mar de triuw dy't De Koreaan Han-Bin Lee oan Knegt joech wie foar de sjuery genôch om Knegt dochs in startplak foar de finale te jaan. De finale is sneontemiddei om 13.20 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)