Protest tsjin wynpark Iselmar

It wynmûnepark yn de Iselmar mei der net komme. Dat fynt de stifting Don Quichote. De stifting hat freed persoanlik in berop dien op steatssiktaris Dijksma fan Ekonomyske Saken. Dijksma krige yn Wâldsein in petysje en ynformaasjemappen oanbean.
Neffens de stifting wolle de doarpen oan de kust de wynmûnen net yn de mar. Se soargje foar skea, binne gefaarlik foar de skipfeart en jeie toeristen fourt, se fynt de stifting. Ynkoarten falt it beslút oer it wynmûnepark yn de Iselmar.