Grut wenoffinsyf yn Fryslân

Yn tweintich Fryske gemeenten wurde sneon wenningmerken hâlden om de huzemerk wer foarút te helpen. De lêste jierren wurde folle minder huzen ferkocht. Om de ferkeap wer op gong te krijen is der in saneamd 'wenoffinsyf' organisearre mei as doel takomstige keapers ynformaasje te jaan oer bygelyks subsydzjemooglikheden en oare regelingen.
Op de wenningmerken steane makelers, finansjeel adviseurs, boubedriuwen en oaren. Yn de measte gemeenten duorret de wenningmerk fan 10:00 oant 15:00 oere.