Unrêst yn Terkaple delbêde

De ûnrêst yn Terkaple oer it skrassen fan de haven en de oankeap fan de dêrfoar bedoelde grûn troch de foarsitter fan Pleatslik Belang, is freedtejûn delbêde op in gearkomste. Dat seit wethâlder Durksz fan de gemeente De Fryske Marren. Dêr hat de gemeente útlein wêrom't it haventsje der net komt. It kin finansjeel net mear út.
Yn it doarp ûntstie opskuor, doe't dúdlik waard dat de foarsitter fan Pleatslik Belang de grûn kocht hie. Dat soe de reden wêze fan it net trochgean fan it haventsje. Dy ûnrêst is útpraat, seit Durksz.
Neffens wethâlder Durksz koe de gemeente de ûnrêst foar in grut part fuortnimme troch de fragen fan de ynwenners te beäntwurdzjen. Se sjogge yn dat se mei-elkoar fierder moatte, sei de wethâlder.