Blog: Russyske hoareka

Roelof de Vries docht ferslach fanút Sotsji © Omrop Fryslân
Ik wit wol. Kultuerferskil. Guon dingen binne no ien kear oars yn oare lannen. Mar toch, guon dingen begryp ik net.
Nim no it iten. Dat der hjir gjin strûpmoes en grauwe earten binne, dat begryp ik. Mar it iten is sa min regele. Nim no sa'n Olympysk Park. Dêr rinne yn trije wiken miljoenen minsken om. Sintraal stean der lykwols allinnich in pear kreamkes. It iennige wat je dêr helje kinne is in hotdog en in stik pizza. En noch djoer ek. Oan de râne fan it park binne noch wol wat restaurants. Sa ek in Aziatysk. Soe goed wêze, hiene we heard. Ik hie wol nocht yn sushy. Kinst my nachts foar wekker meitsje. Mar nei trije kertier wachtsjen hiene we noch net iens wat te drinken en in bestelling koene we ferjitte. Dan mar nei it 'food-court'. Wol wat better, mar it iten seach der ek net út. De iennige oare opsje is dan noch McDonald's. Ien fan de haadsponsors fan de Spelen. Fet iten en in topsportevenemint gean blykber goed tegearre.
Justerjûn foar it earst sûnt hast twa wiken echt goed iten hân. Ik yt ek noch wolris yn it Holland Heineken House. Dy Russen ha gjin keapmansgeast, mar de minsken fan it Holland Heineken House ek net. Tûzenen minsken komme dêrhinne en wolle dan fansels ek in hapke ite. Mar it oanbod is lyts. In shaslick, in miny-burger en hutspot. En allegear heal waarm. En eltse dei hutspot, dêr wurdt je ek net bliid fan.
Mar it iten yn in steakhouse juster wie wol goed. Mar dochs fernuverje je je wer. In steak mei swarte pipersaus. Waarm! Mar de saus komt al op tafel en in kertier letter komt de steak. Saus kâld. Yn Nederlân binne je wend dat je fuort wat te drinken krije. Dan nim je by it iten nammentlik wer wat. Hjir net. Pas by it iten freegje se watst drinke wolst. Dom, want op it drinken sit de grutste winstmarzje. Wylst ik it iten al hast op ha, moatte de trije kollega's noch wachtsje. Ik ha myn fleis en ierappels al op, as dêrnei nochris de grienten komme.
Ach, it makket fierder gjin sek út. Ik fernuverje my der allinnich oer. No ophâlde mei seuren, Sjinkie moat hast. Go Sjinkie.