Soarchmeldpunt langer iepen

14 feb 2014 - 21:13

It ûnôfhinklik meldpunt pleechsoarch Fryslân giet noch in moanne langer troch. Dat hat de provinsje Fryslân bekend makke. It meldpunt is op 1 desimber iepene en rint no oant en mei 1 april.

Minsken kinne hjir terjochte mei harren klachten sûnder dat dy trochspile wurde nei de organisaasje dêr't de klacht oer giet. It meldpunt sammelet alle klachten en sil dizze anonimiseard oanbiede oan de provinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)