Europeeske stipe foar Omrop

14 feb 2014 - 20:39

De Europarlemintspartij EFA (European Free Alliance) hat freed in moasje fan de FNP oannommen oer stipe foar Omrop Fryslân. De EFA sil him no yn it Europeesk Parlemint ynspanne om it selsstannich bliuwen fan de Omrop te garandearjen mei finansiering en in folsleine programmearring.

De FNP hat ek stipe krigen fan de EFA foar in resolúsje oer sizzenskip fan regio's oer mynbousaken, in Europeekse kommissaris foar minderheden en mear wurkgelegenheid.

Trefwurden: 
Omrop Fryslân FNP EFA
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)