Brân yn wenhûs Appelskea

14 feb 2014 - 19:02

In wenhûs oan de Vaart Zuidzijde yn Appelskea hat freed oan de ein fan 'e middei grutte skea oprûn troch in brân. De wente hie twa wendielen. It iene stie leech, it oare wie bewenne. De brân ûntstie yn it leechsteande diel fan it gebou.

De brânwacht hat noch besocht it oare diel te rêden, mar dat slagge net. Der rekke gjinien ferwûne. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend.

Fuortendaliks nei de brân is de elektrisiteit útfallen yn in diel fan Appelskea. It elektrisiteitsbedriuw siket no om in oplossing.

Trefwurden: 
brân skea wenhûs Appelskea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)