'Gnúfkamera' moaiste nije wurd

14 feb 2014 - 17:21

It wurd 'gnúfkamera' is freed útroppen ta it moaiste nije Fryske wurd. By de wedstriid fan Tresoar, Afûk en Fryske Akademy kinne dielnimmers foar nije wurden in nij Frysk wurd betinke. Fan dy mooglikheid waard in soad gebrûk makke, want de organisaasje krige hast tûzen suggestjes binnen foar nije Fryske wurden.

De sjuery keas úteinlik foar it wurd gnúfkamera, Frysk foar it Nederlânske 'gluurkamera'. Neffens de sjuery bekt it wurd goed en makket it ek kâns om brûkt te wurden. Cor Kooistra waard de winner. Hy wie ien fan de seis ynstjoerders.

Eardere winnende wurden fan de wedstriid foar it moaiste Fryske wurd wiene 'hipperhapke' foar 'insectensnack' en 'bringbrommer' voor 'pizzakoerier'. Oare suggestjes foar nije wurden dy't net wûnen wiene 'mienskipsstipe' as Frysk alternatyf foar 'crowdfunding', 'relyswiler' foar 'sprokkelgelovige' en 'prûmdrug' foar 'qat'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)