Plysje nimt bommelding serieus

De plysje, brânwacht, ambulânse en EOD wolle gjin inkeld risiko nimme mei de bommelding yn de Grietmanstrjitte yn Sint Anne. Fanwege dy bommelding binne freed 17 apparteminten ûntromme. De man dy't in fertocht pakket krige wurdt der fan fertocht dat er de gevel fan it hûs fan syn eks-frou opblaasd hat.
Twa bomferkenners fan de EOD binne freedtemiddei it appartemintekompleks, dêr't de man wennet, yn gien om ûndersyk te dwaan. De 21 bewenners wurde opheind yn it gemeentehûs.