Fertocht pakket yn Sint Anne

14 feb 2014 - 13:28

Yn de Grietmanstrjitte yn Sint Anne binne freed 16 apparteminten ûntromme fanwege in mooglike bom. Freedtemoarn is in fertocht pakketsje besoarge by ien fan de bewenners fan de strjitte. Dy fertroude it net en belle 112. De bomferkenner fan de plysje joech de man dêr gelyk yn en alarmearre de EOD. Wat der yn it pakketsje sit, wol de plysje net sizze yn it belang fan it ûndersyk.

Plysje, brânwacht, ambulânse en EOD binne no yn Sint Anne. De 21 bewenners wurde opheind op it gemeentehûs fan It Bilt yn Sint Anne.

Tsjin twa oere binne twa bomferkenners fan de EOD it appartemintekompleks yngien om it fertochte pakket neier te ûndersykjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)