Minder hurd farre by Ljouwert

14 feb 2014 - 12:00

De skipfeart krijt fan moandei ôf lêst fan de oanlis fan in akwadukt by de Drachtsterbrêge yn Ljouwert. Der mei foarearst minder hurd fearn wurde. Hinderlike wetterbewegings binne ferbean en de fêste trochfeartiepening is ôfsletten. Op termyn komme der ek noch beheinings foar it beweechbere diel fan de brêge, mar dêr jout de provinsje noch neiere ynformaasje oer.

It oan te lizzen akwadukt moat de Drachtsterbrêge op termyn ferfange.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)