Thússoarch SWF yn oarder

14 feb 2014 - 11:16

De gemeente Súdwest-Fryslân is ien fan de bêst prestearjende gemeenten op it gebiet fan thússoarch. Dat docht bliken út ûndersyk fan fakbûn AbvaKabo. It bûn ûndersocht yn de 50 grutste gemeenten fan it lân hoe't se mei húshâldike soarch omgeane. Súdwest-Fryslân enige yn it ûndersyk op it fjirde plak.

Sa hat de gemeente Súdwest-Fryslân yn ferhâlding in hege ynkeappriis foar húshâldlike help, en set se mar in bytsje alphahelpen yn. Ljouwert einige yn it ûndersyk op it 28ste plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)