Jild foar jeugd SC Hearrenfean

Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje © Martin de Jong
De jeugdoplieding fan Sportklup Hearrenfean krijt rom in ton fan de Vriendenloterij. It jild waard tongersdei útrikt op it Goed Geld Gala fan de lotterij yn Amsterdam. De jeugdoplieding hat de bydrage te tankjen oan dielnimmers oan de lotterij, dy koene sels in organisaasje kieze dêr't jild hinne giet. Ek oare grutte lanlike fuotbalklups krije jild foar har jeugdoplieding.
Op it Goed Geld Gala waard mei-elkoar hast 49 miljoen útdield oan maatskiplike organisaasjes.