Vitens: metaangas út wetter

14 feb 2014 - 05:57

Wetterliedingbedriuw Vitens begjint freed mei it winnen fan metaangas út wetter. It systeem smyt it wetterbedriuw de kommende jierren miljoenen euro's oan fergese enerzjy op. It metaan dat út it Fryske grûnwetter helle wurdt kin 1250 húshâldens in jier lang fan ierdgas foarsjen. It gas wurdt foarearst net ferkocht, mar brûkt om elektrisiteit op te wekken foar it eigen produksjebedriuw by Spannenburch.

Dat betsjut in besparring fan in heal miljoen euro yn it jier. André Kuipers sil freed de nije ynstallaasje offisjeel yn gebrûk nimme.

Trefwurden: 
wetter Vitens metaangas
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)