Undersyk nei braindrain

In nij wittenskiplik ûndersyk moat útwize hoe slim de saneamde braindrain yn Noardeast-Fryslân no echt is. Braindrain is it fuortfloeien fan kennis út it gebiet. Yn opdracht fan it Netwurk Noordeast docht Dineke Wagenaar fan de Universiteit fan Twente ûndersyk nei hoe grut de groep is dy't út it gebiet fuortgiet en net mear werom komt.
It fuortgean fan jongeren mei in hege oplieding wurdt yn politike diskusjes faak brûkt, mar neffens Wagenaar leit der eins gjin goede ûnderbouwing ûnder.
Der is wol earder ûndersyk dien, mar dêryn waarden benammen jongeren befrege oer oft se fan doel wiene fuort te gean of net. Noch nea earder waard sjoen nei de groep dy't ek echt fuortgien is.