'Gjin sâltwinning Slappeterp'

13 feb 2014 - 16:53

It is der fier by troch dat Frisia Sâlt yn Harns de oanfraach foar de fergunning om sâlt te winnen by Slappeterp trochset. Dat seit deputearre Sietske Poepjes. De provinsje makke yn 2011 ôfspraken mei it bedriuw om op te hâlden mei de winning ûnder lân by Slappeterp. Yn ruil dêrfoar krijt Frisia stipe by de oanfraach foar winning ûnder de Waadsee.

Direkteur Van Tuinen fan Frisia wachtet lykwols noch hieltyd op in fergunning. Sa lang dy der net is, wurdt de oare oanfraach net ynlutsen. De provinsje sil him hjir tsjin fersette, seit Poepjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)